Held Tamme Pool troch Tytsjerksteradiel yn it sintsje set

06 jan 2015 - 09:59
  • Tamme Pool krige blommen foar syn heldedied

Meiwurker Tamme Pool fan Gemeentewurken Tytsjerksteradiel is troch de gemeente yn it sintsje setten mei blommen. Pool seach freed dat in frou mei har auto yn it wetter rekke op de Ottemawei krekt bûten Hurdegaryp.

Hy soarge der mei syn takelwein foar dat de auto boppe wetter bleau. Dûkers koene sa de frou út de auto helje. Neffens de gemeente is Tamme Pool in held en fertsjinnet hy in blomke foar wat hy dien hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)