Held fan Hearrenfean huldige

24 mrt 2004 - 00:00

De 19-jierrige Bart Dekker fan it Hearrenfean is woansdei huldige troch boargemaster De Jonge foar in heldedied. By in brân yn in flat rêde hy alle bewenners. Dekker wennet sels ûnder yn de flat. Hy waard wekker fan de reek.

Mei blommen en kadobonnen hat it gemeentebestjoer de CIOS-studint offisjeel bedankt. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei it ûntstean fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)