Helberheid plannen ûndersykje

13 jul 2007 - 12:36

Minsken dy't in plan yntsjinnen foar de Fryske Fiersichten kinne har idee neier útwurkje. De provinsje hat se dêr skriftlik om frege. Mei dy útwurking moat dúdlik wurde oft de plannen helber binne.

De provinsje wol yn de kommende moannen mei de fiersichten oan de slach. Ein dit jier wol de provinsje de plannen foarlizze oan de Steaten. Foar dy tiid moat der mear dúdlikheid wêze oer de helberheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)