Hektometerpeal oanpast om ûlen

05 nov 2014 - 06:30
  • Oanpaste hektometerpeal foar ûle

Sechstich hektometerpealtsjes oan de A7 tusken Beetstersweach en Drachten sille woansdei oanpast wurde foar ûlen. It doel is foar te kommen dat de fûgels deariden wurde. Op 't stuit bart it faak dat rôffûgels en dus ek ûlen yn 'e jacht op mûzen delstrike op de pealtsjes.

De ûlewurkgroep Fryslân past de pealtsjes oan troch der in draaiende boppekant op te setten, sadat de fûgels der net mear op sitte wolle. Dêrnei wurde, in eintsje fierder fan de dyk ôf, hege peallen mei dwersbalkjes delset, yn de hoop dat de ûlen dêrop ôfkomme

It projekt wurdt subsidiearre troch de Vogelbescherming Nederland. As it in sukses wurdt, sil dizze metoade lanlik neifolging krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)