Heiwurk Accolade stillein

21 nov 2012 - 12:46

It heiwurk oan de Taconishof en de Sieger van der Laanstrjitte op It Hearrenfean is foarearst stillein troch de gemeente, omdat it slaan fan de peallen fierstente folle trillingen opsmyt foar de buert.

Oan de Taconishof binne 75 hierwenten sloopt en wenningstifting Accolade bout der 59 nije huzen. Omwenners wiene al fan it begjin ôf benaud foar de trillingen en easken dat der mjittings komme soene. Tiisdei die fuortendaliks by de earste peal al bliken dat it misgie. Accolade oerleit tongersdei oer in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)