Heit Vaatstra jout ek DNA

28 sep 2012 - 16:25

De heit fan Marianne Vaatstra is ien fan 'e goed 8000 manlju dy't oproppen binne om mei te dwaan oan it DNA-ferwantskipsûndersyk nei de dea fan syn dochter yn 1999. Tegearre mei sweager Willem van der Veen fan Marianne sil er nei de sporthal yn De Westereen.

Doarpsbelang ferwachtet in hege opkomst. Sy tinke, lykas justysje dat de moardner fan Marianne nei fier fuort is.

Bauke Vaatstra neamt it ûndersyk in lêste kans om in ein te meitsjen oan trettjin jier fertriet en ûnwissens. Hy docht in berop op alle 8080 manlju dy't frege binne om mei te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)