Heit skeakelet tuchtkolleezje yn

22 maaie 2001 - 00:00

In ynwenner fan Ljouwert skeakelet it regionaal tuchtkolleezje yn om in antwurd te krijen op de dea fan syn bern. It jonkje Dylan (3) ferstoar fiif jier ferlyn yn it sikehûs op It Hearrenfean.

Syn pleechâlden seine dat er fan syn fytske fallen wie. De heit tinkt sels oan bernemishanneling, mar justysje wol dêr net oan. Sadwaande freget de heit it tuchtkolleezje de saak út te sykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)