Heit set krystkado's te keap

25 des 2004 - 18:14

Yn Amearika hat in heit de krystkado's fan syn bern te keap set op ynternet. Hy fûn dat de trije jonges fan 9, 11 en 15 jier te dôfhûdich en brutaal wiene. It gedrach wie sa min dat se de kado's net fertsjinne hiene.

De jonges hiene spulkompjûters krige fan 'e heit (41) dy't yn 'e kompjûterbrânsj wurket. De heit seit dat syn aksje it lêste redmiddel is, sa skriuwt in krante oer de man út Pasedena yn 'e steat Texas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)