Heit en soan stelle kranten

25 feb 2012 - 14:08

In heit (50) en soan (15) fan It Hearrrenfean binne sneontemoarn troch de plysje oanhâlden foar stellerij fan kranten. In bewenner fan de Prinses Ireneleane op It Fean miste sûnt desimber ferline jier alle wiken syn sneonskranten. Sneontemoarn stie de man op wacht en seach dat heit en soan de kranten út syn brievebus weihellen en dêrnei yn de auto fuortriden.

Oan 'e hân fan it kenteken fan de auto koe de plysje de dieven op de Prins Bernhardleane yn Oranjewâld oanhâlde. Se binne meinaam nei it buro. Dêr is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)