Heit en soan oanholden

31 jul 2011 - 09:55

Twa Lemsters fan 19 en 47 jier binne sneontemoarn betiid oppakt yn har wenplak. De jonge wie in kroech útset omdat er in frou slein hie. Hy woe de kroech wer yn en in portier koe him noch krekt tsjinhâlde.

De plysje hold de jonge oan, mar dêr wie syn heit it net mei iens. Hy pakte ien fan de plysjes beet en woe net mear loslitte. Dêrop waard hy ek oanholden. Heit en soan binne op it plysjeburo ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)