Heit en mem grutsk op Jorrit

18 feb 2014 - 21:48
  • Hielke Faber
  •  Sven Kramer Jorrit Bergsma en Bob de Jong

''Ik sjoch nei syn race en skriuw de tiden op. Dat is it." Sa reagearre heit Anne Bergsma tiisdei nei de gouden medalje fan soan Jorrit. Mei in flinke doasis nochterens hawwe se de race fan Jorrit besjoen. Mar grutsk binne se wol. ,,Dit hie ik noait tocht. Mar hy wie gewoan better as Sven", sei mem Japke Bergsma.

Hielke Faber, de âld-trainer fan Bergsma, seach fanút syn hûs yn Easterwierrum nei de gouden race fan Jorrit. Hy hie dit noait ferwachte. ,,As jonkje fan 13 jier seach ik it net yn him." Ek Faber is tige grutsk op 'syn' pupil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)