Heinze Bakker nei KNSB?

23 aug 2002 - 00:00

Heinze Bakker wurdt nei alle gedachten de nije foarsitter fan de seksje maraton fan de KNSB. De âld-ferslachjouwer fan Studio Sport en Fries-om-utens is foardroegen troch it reedridersbûn.

Bakker soe Peter Leegwater opfolgje. Hy lei syn funksje yn april fan dit jier del. De acht reedridersgewesten moatte de beneaming fan de âld-Gordykster earst noch goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)