Heine Bosma wint solistekonkours

14 mrt 2004 - 00:00

Marimbaspiler Heine Bosma (16) fan Koartehimmen waard dit wykein de grutte winner fan it solistekonkoers foar blazers en slachwurkers yn Ljouwert. Heine krige 96 punten fan 'e sjuery.

Goeie twadde waard dwarsfluitspylster Rianne Jongsma (13) fan Boarnburgum. Sy krige 95 punten. Euphonium solist Hendrik de Boer fan Grou waard tredde mei 94 punten. Alle 63 dielnimmers hellen de noarm fan 80 punten foar in earste priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)