Hein Otterspeer wint ek de 1000 meter op NK sprint

17 jan 2015 - 17:57
  • Hein Otterspeer

Hein Otterspeer hat op de earste dei fan it NK sprint yn Grins poerbêste saken dien. Nei de winst op de 500 meter wûn Otterspeer sneon ek de 1000 meter. Hy giet dêrtroch oan de lieding yn it klassemint. Kjeld Nuis en Stefan Groothuis moasten it twadde plak op de 1000 meter diele, beide klokten in tiid fan 1.10.48.

Yn it klassemint stiet Michel Mulder op it twadde plak, ferrassend folge troch Pim Schipper. Jesper Hospes sakke yn it klassemint nei it 13e plak. Sjoerd de Vries fan Twellingea stiet no 14e, Jan Smeekens fan Snits is 15e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)