Heimsinnige kamera yn beam

04 feb 2011 - 14:30

Bewenners fan de Harnzertrekwei yn Ljouwert binne lilk oer foto's dy't fan harren makke wurde út in beam wei. Sûnt in pear wike hinget dêr in kamera. De bewenners fine de foto's in ynbreuk op 'e privacy.

Fan wa't de kamera is, witte se net. Tocht wurdt oan de plysje, kriminelen of in keunstner. De Súd-Afrikaanske keunstner James Beckett hat op trije plakken yn de stêd kamera's ophongen. Oft dizze ek fan him is, is net bekend. De bewenners wolle de kamera derwei ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)