Heijmans sintraal yn Drachten

17 feb 2011 - 16:49
  • (foto: team4.nl)

Boubedriuw Heijmans wol it kantoarpersoniel fan de noardlike festigings yn Drachten byninoar bringe. Se komme yn it regiokantoar fan LTO Noord yn Drachten dat hierd wurdt. Dat gebou is foar LTO Noord te grut wurden. Begjin 2000 wie it kompleks de haadfestiging fan de NLTO. De fyftich LTO-meiwurkers ferhúzje nei in oar kantoar yn Drachten. Heijmans hat yn de trije Noardelike provinsjes no noch kantoaren yn Ljouwert, Assen en Drachten

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)