Heijltjes: IM siket nij bewiis

04 feb 2013 - 15:18
  • Marijke Heijltjes

It Iepenbier Ministearje sil op syk nei nij bewiis en nije fertochten yn de saak Heijltjes. Dat seit parse-offisier Henk Mous. Ofrûne wike is de haadfertochte frijlitten omdat der gjin earnstige beswieren binne. Septimber ferline jier waard Marijke Heijltjes (67) dea yn har hûs oantroffen. Yn earste ynstânsje is dêr in man (37) foar oanhâlden, mar der is no mear bewiis nedich om him langer fêst te hâlden.

Tiisdei wurdt de saak Heijltjes op 'e nij behannele yn Opsporing Verzocht. Yn dat programma wurdt dan ûnder oare in mes toand.

Oft dit mes ek it moardwapen is wol it Iepenbier Ministearje noch net bekend meitsje. Fierder sil ek omtinken jûn wurde oan tipjild foar de tip dy't bydraacht oan it oplossen fan dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)