Heien yn Blitsaerd begûn

29 maaie 2006 - 12:57

Yn Ljouwert is moandei út ein set mei heiwurksumheden yn de nije Ljouwerter wyk Blitsaerd. De wyk leit oan de noardeastkant fan Ljouwert. Nei ferwachting kinne de earste bewenners begjin takom jier telâne yn har nije hûs.

Fjirtjin dagen lyn waarden de earste frije kavels yn Blitsaerd oplevere. Der moatte fjouwerhûndert wenten komme yn de djoerdere kategory.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)