Heien ôffaloven min foar fisk

21 mrt 2009 - 15:38
  • It fiskje 'de fint'

Tsjinstanners fan de ôffaloven yn Harns freegje yn in koart pleit om stillizzing fan 'e bou. Dat soe gean ta skea fan de 'fint', in fisk dy't yn de Waadsee libbet en dêr't net in soad eksimplaren mear fan foarkomme. It heien sil neffens de tsjinstanners fan 'e ôffaloven de populaasje noch fierder ferminderje.

De fisksoart is hiel gefoelich foar de lege lûdstrillings dy't by it heien ûntstean. Is it noch net dúdlik wannear't it koart pleit tsjinnet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)