Heien by Atoglas begjint

29 aug 2006 - 10:09

Yn Ljouwert is moandei úteinset mei de tariedings foar it heien foar in appartemintekompleks by gemysk fabryk Atoglas. In groep buertbewenners is benaud dat der troch it wurk gefaarlike sitewaasjes ûntsteane. Op 30 meter fan it bouplak steane opslachtanks fan it keunststoffabryk.

Neffens it boubedriuw is der perfoarst gjin gefaar foar bygelyks in eksplosy. As der tefolle trillings binne, kin de gemeente beslute de bou stil te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)