Heidenskipsters ferkroadzje grûn foar fûgeleilantsje

04 apr 2015 - 13:29
  • Grûn kroadzje foar nij fûgeleilân yn de Fluezen

Tusken de fyftich en sechstich frijwilligers binne sneon op It Heidenskip yn it spier om 250 kubike meter grûn te ferkroadzjen. De wurksumheden binne nedich om in saneamd peaske-eilân yn de Fluezen te meitsjen. Dat is bedoeld om mear briedplak te krijen foar de fûgelsoart de stirns.

De kroaderinners moasten oer in lang, smel ponton om it eilantsje midden yn it wetter te berikken. Natuerman Ysbrand Galama fan It Heidenskip is ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)