Heidenskip krijt ljeptribune

23 jul 2010 - 09:38
  • (Foto: Martin de Jong)

De fierljepakkommodaasje fan It Heidenskip hat in primeur mei in fêste tribune. Der is plak foar goed 150 minsken. De tribune is ûnderdiel fan in rekonstruksje fan de folsleine akkommodaasje. Sa is der ek in nij kluphûs delset.

Ek it muzykkorps en de toanielferiening sille gebrûk meitsje fan de tribune. Dêrneist binne der plannen foar it hâlden fan in iepenloftspul op en om de skâns fan de ljepakkommodaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)