Heideman wint op natueriis

04 jan 2002 - 00:00

Jan Maarten Heideman hat freed yn Noardlaren in maraton op natueriis wûn. Hy wie yn de sprint syn grutte konkurrint dit seizoen, Cedric Michaud, einlings wer ris de baas.

Achter de twa hoantsen ferdielden Friezen de eareplakjes. Bertjan van der Veen wie tredde, Peter de Vries fjirde en Ruud Borst fyfde. Ferline moanne wie der ek al in maraton op natueriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)