Heidefjilden oanlein yn Noardlike Fryske Wâlden

16 okt 2015 - 08:20

De heide wurdt wer werom brocht yn de Noardlike Fryske Wâlden. Troch de oanlis fan de Sintrale As is der in stik natuer ferdwûn. Om dat te kompensearjen wurdt no flakby Noardburgum twa bunder nije natuer oanlein.

Dêr is no in grutte hoeke lân ôfplagge dêr't heide komme moat. Dat gebiet is yn de beneaming kaam omdat it ea heide wie en omdat der yn de omjouwing heideplantjes fûn binne. Dêrtroch is dúdlik wurden dat der noch hieltyd wat fan dy âlde heidefjilden oer is yn de grûn.

Der is no in grutte kraan dwaande en der wurdt earder meande heide ferspraat om sa wat siedsjes fan heideplanten yn 'e grûn te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)