Heide werom by Keningsdjip

16 aug 2012 - 16:18
  • kap bosk keningsdjip
  • kap bosk keningsdjip
  • kap bosk keningsdjip

Heide moat mear romte krije yn de beekdelling fan it Keningsdjip. Steatsboskbehear is dêrom de kommende moanne drok dwaande mei it kappen fan 27 bunder bosk tusken De Himrik en Lippenhuzen. Doel is om it gebiet werom te bringen yn de âlde steat, sa't it wie foardat de bosk oanplante waard sa'n hûndert jier lyn. It hout waard brûkt as kaphout foar kachels. Alde karakteristike beammen bliuwe stean om't se passe yn in heidefjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)