Heide moat werom komme

07 mrt 2011 - 15:26

`Njirre yn beweging' is de namme fan it heideherstelprojekt yn 'e bosken fan Beetstersweach. 35 bunder oan grûn wurdt troch Lânskipsbehear Fryslân werom brocht yn de oarspronklike steat. Dêrmei keare ek bedrige biste- en plantesoarten werom yn it lânskip.

Beammen geane om yn it Alpherfjild oan de râne fan 'e bosk by Beetstersweach. It gebiet bestie oan it begjin fan de foarige ieu noch foar in grut part út heide. Om't skiep de grûn al jierren net mear beweidzje, is dat feroare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)