'Hegere wynmûnen yn klusters'

30 jan 2008 - 22:30

In mearderheid fan de steaten fynt dat de maksimale mêsthichte fan wynmûnen omheech kin. Dy hichte is no 60 meter. Betingst is wol dat de wynmûnen klustere wurde yn derfoar oanwiisde gebieten en dat de lytsere solitêre mûnen ferdwine.

De steaten binne fan miening dat de lytsere mûnen út de tiid binne om't de gruttere folle mear enerzjy opsmite. Op it stuit wurde allinnich by hege útsûndering langere wynmûnen tastien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)