Hegere winst FrieslandCampina

17 mrt 2010 - 10:10

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat oer 2009 in winst fan 182 miljoen euro makke. Dêrmei gie de winst mei 35 prosint omheech. De netto-omset fan it bedriuw gie mei 14 prosint nei ûnderen nei 8,2 miljard euro. Dat is woansdei bekend makke. De direksje praat oer in goed jier. Dat wie foaral it gefal yn Azië en Afrika.

Ferline jier moast FrieslandCampina noch 175 miljoen besunigje omdat 2008 in dreech jier wie foar de suvelmerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)