'Hegere wetterskipslêsten'

09 jan 2012 - 13:38

De wetterskipslêsten moatte nei alle gedachten omheech om alle probleemgebieten yn Fryslân oanpakke te kinnen. Troch it hege wetter fan ferline wike binne in soad minne plakken oan it ljocht kaam dêr't gau aksje nedich is. Dat wurk moat perfoast dien wurde en dêrom moat der jild fûn wurde om dat te beteljen. As it net opfongen wurde kin mei besunigings, dan moatte de lêsten omheech.

Wetterskip Fryslân hat in pear finansjeel drege jierren achter de rêch. De lêste twa jieren is der twa kear reorganisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)