Hegere straf yn Facebookrellen

25 jul 2013 - 17:00
  • Rellen Haren

In 18-jierrige man út Boalsert hat tongersdei yn heger berop 10 moanne finzenisstraf en in jildboete krigen foar syn rol by de Facebookrellen yn Haren ferline jier septimber. It hôf stelt dat der foldwaande bewiis is dat de man in auto yn 'e brân stutsen hat en geweld yn it iepenbier brûkt hat.

Njonken de finzenisstraf moat de Boalserter in boete fan 600 euro betelje en wurdt de materiële skea fan goed 1000 euro op him ferhelle. Ta beslút moat de man 500 euro stoarte yn it spesjaal dêrfoar oprjochte fûns.

Ek in twadde Fries moast 500 euro yn it fûns stoarte. De 19-jierrige man krige twa wike finzenisstraf mei proeftiid fan in jier foar iepenbier geweldpleging tsjin de plysje en ME. Boppedat krige hy in taakstraf fan 40 oeren, in jildboete fan 600 euro en moast er 350 euro betelje foar inmateriële skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)