Hegere parkearboete Boalsert

30 nov 2008 - 12:54

Autobestjoerders dy't net betelje of te lang stean bliuwe yn it sintrum fan Boalsert, krije tenei in hegere boete. De saneamde neiheffing giet fan 49 euro nei 50 euro. Dat stiet yn de nije belestingregels fan de gemeente.

It parkearen sels wurdt net djoerder. Dat is earder ek ôfpraten by de behanneling fan de begrutting yn de gemeenteried. De ferheging fan de boetes is yn oerienstimming mei de regeling fan it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)