Hegere omset Sligro Food Group

15 okt 2009 - 08:30
  • Sligro Food Group N.V.

De Sligro Food Group hat yn de earste njoggen moannen fan dit jier in hegere omset draaid as yn deselde perioade ferline jier. It giet om in groei fan 2,3 prosint. De Sligro Food Group is eigner fan in tal supermerkketens, mar leveret bygelyks ek oan de hoareka. Under dat lêste ûnderdiel falle ek de selsbetsjinningsgruthannels yn Ljouwert en Drachten.

Sjoen de minder wurdende ekonomy doart Sligro noch gjin foarsizzing te dwaan foar de omset oer hiel 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)