Hegere lêsten foar hierders

14 okt 2000 - 16:56

Hierders fan in lytse wenning moatte mooglik tritich prosint mear lêsten betelje. Dat skriuwt hierdersferiening 'De Bewonersraad' oan de kolleezjes fan B en W fan fiif Fryske gemeenten.

Op guon plakken giet de ûnreplik saakbelesting, soms mei 12 prosint, omheech. De wearde fan goedkeape hierhuzen is ek heger wurden. De feriening stelt út om de hierders temjitte te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)