'Hegere entree's foarkomme'

03 sep 2007 - 20:58

It kabinet moat de btw-ferheging fan 13 % foar entreekaartsjes fan sportakkommodaasjes, merken en attraksjes net trochfiere. Dat skriuwe de noardlike keamers fan keaphannel en de marketingorganisaasjes fan Fryslân, Grinslân en Drinte oan Den Haach.

Ynstee fan in tienstje jouwe je dan alve euro foar in entreekaartsje fan bygelyks in attraksjepark. De toerist dy't op priis selektearret, soe dan gau earne oars hinnegean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)