"Hegere BTW sil banen yn hoareka kostje"

17 jun 2015 - 16:24
  • Terras

In ferheging fan de BTW fan 6 nei 21 prosint sil de hoareka banen kostje. Dat seit Corné van de Erve fan de ôfdieling Noard fan it hoarekabûn. It kabinet wol de belesting op wurk nei ûnderen bringe, mar dy op in soad produkten en tsjinsten omheech dwaan.

Van de Erve tinkt dat de ferheging in diel fan de Fryske hoarekagelegenheden de kop kostje sil, om't klanten net hegere prizen betelje wolle. En de hoareka kin net mear foar syn eigen rekken nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)