Hegere btw net berekkene

01 okt 2012 - 19:32

In soad winkels yn Ljouwert berekkenje de btw-ferheging fan 19 nei 21 prosint dit jier noch net troch oan de klant. Se folgje dêrmei it lanlik byld, sa docht bliken út in enkête fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

De winkellju binne bang dat minsken minder guod keapje as it djoerder wurdt troch de hegere btw. Yn 2013 sjogge de winkels opnij wat se mei de prizen dogge. De btw-ferheging is ien fan de maatregels fan de fiif politike partijen yn it Kunduzakkoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)