Hegere boetes foar tankers

28 jun 2013 - 16:01

Skippen dy't ôfwike fan de foarskreaune tankerrûte boppe de Waadeilannen kinne meikoarten in hegere boete ferwachtsje. It maksimum taryf wurdt ferhege fan 7600 euro nei 78.000 euro. Dat hat it kabinet freed besletten op foarstel fan minister Schultz van Haegen. De ferplichte farrûte is ynsteld om it risiko fan grutskalige fersmoarging fan it Waadgebiet by in skipfeartûngelok te beheinen.

Ut sifers docht bliken dat yn 2010 en 2011 tusken de 60 en 70 skippen in koartere rûte namen. Yn 2012 wiene dat der noch 28.

Troch de koartere rûte wurdt minder brânstof ferbrûkt en dat kin in skip sa'n 10.000 euro oan brânstofbesparring opsmite. It kabinet hopet dat de stevige ferheging fan de boete ôfskrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)