Heger wetterpeil Iselmar

05 des 2008 - 20:29

Steatssikretaris Huizinga (CU) wol it wetterpeil fan de Iselmar mei oardel meter ferheegje. Dat meldt RTL Nieuws dat in geheim kabinetsdokument yn besit hat. Dêryn stiet dat Huizinga in advys fan de Deltakommisje oernimt wêryn stiet dat de Iselmar brûkt wurde kin om mear wetter op te fangen by ekstreme reinbuien.

Gefolch is dat om de Iselmarkust hinne 2000 wenningen ferdwine moatte. Ek havens en de slûzen sille oanpast wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)