Heger technysk personiel hieltyd lestiger te finen

08 jan 2015 - 17:18

It wurdt yn de kommende jierren hieltyd dreger om heger technysk personiel oan te lûken. Bedriuwen merke no al dat it oanbod hieltyd fierder weromrint. Advys- en yngenieursbedriuw Antea Group, foarhinne Oranjewoud, hat op dit stuit inkele tsientallen fakatueres.

De Antea Group is dêrom dizze wike úteinset mei in spesjale kampanje om minsken te finen om de funksjes op te foljen. Se hoopje minsken mei goede ferhalen oer it bedriuw oer de streek te heljen om by harren te sollisitearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)