Heger berop yn speedboatsaak

30 nov 2010 - 14:17

It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop 21 en 15 moanne easke foar in speedboatûngelok by Grou. Yn juny 2008 fearen twa Ljouwerters fan 40 en 46 jier tsjin in frachtskip op. In oare man op 'e speedboat kaam om it libben.

De strafeasken fan no binne swierder as de eardere feroardieling troch de rjochtbank. De skipper fan de boat krige doe 15 moanne finzenisstraf, dêr't fiif moanne fan ûnder betingst is. De eigner krige twa jier mei acht moanne ûnder betingst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)