Heger berop yn saak oer alkoholslot

01 apr 2015 - 19:13

Advokaat Nico de Vries fan Anker & Anker giet yn heger berop tsjin de útspraak oer it alkoholslot. Woansdei bepaalde de rjochter dat minsken dy't yn it ferline it alkoholslot wegere hawwe en dêrom harren rydbewiis ynleverje moasten, dat bewiis no nét werom krije.

Guon minsken binne foar har wurk ôfhinklik fan harren rydbewiis. Sa kinne se troch de wurkjouwer ûntslein wurde as se in alkoholslot hawwe, mar net as harren rydbewiis ynnaam is. De Vries is teloarsteld oer dy útspraak.

Hy fynt it ûnterjochte dat syn kliïnten dupearre bliuwe om't se noch ûnder de âlde regeling falle. Sûnt 11 oktober 2014 leit it CBR gjin alkoholslot mear op.

Minister Melanie Schultz van Haegen fan Ferkear hat woansdeitejûn witte litten dat automobilisten dy't tefolle dronken hawwe, no in gedrachskursus krije yn plak fan it alkoholslot. Dêrneist kinne bestjoerders ûndersocht wurde hoe geskikt se binne om te riden. Bestjoerders soene hjirtroch harren rydbewiis kwyt reitsje kinne. Boppedat sil justysje dizze minsken ferfolgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)