Heger berop yn saak Nijlân

02 nov 2005 - 11:33

De trije manlju dy't feroardield binne foar belutsenens by de dea fan de Ljouwerter kastlein De Jong moatte har ferantwurdzje foar it gerjochtshôf. It Iepenbier Ministearje gie yn heger berop tsjin twa fan harren. De tredde giet sels yn heger berop.

De fertochten krigen twa wiken lyn 16 en 14 jier sel en jeugddetinsje mei TBS. Se oerfoelen it kafee yn jannewaris fan dit jier. De kastlein waard stutsen mei in mes en ferstoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)