Heger berop yn saak ferkrêfter

20 mrt 2014 - 15:52

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin de straf dy't oplein is oan in Snitser foar meardere ferkrêftings op festivals en eveneminten. It IM fynt de straf fan 2 jier, wêrfan 15 moanne ûnder betingst net heech genôch. De 27-jierrige man is troch de rjochtbank feroardield foar acht gefallen fan ferkrêfting en fjouwer oantaastings. Dit wie op ferskate festivals lykas de Sneekweek en de Fiskerijdagen. De froulju waarden lestich fallen wylst se oan it pisjen wiene. De offisier easket fjouwer jier selstraf wêrfan in jier ûnder betingst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)