Heger berop yn saak Eye4Care

25 des 2004 - 14:55

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter tongersdei tsjin de alternative klinyk Eye4Care yn Harns. Sawol de direkteur as it medysk haad krigen in boete fan 500 euro en in selstraf ûnder betingst fan ien moanne.

Der wiene folle hegere straffen easke. It Iepenbier Ministearje fynt dat 24 medyske hannelingen fan Eye4Care gefaar opsmite kinne foar de sûnens fan de pasjinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)