Heger berop 'Weekendje Weg'

08 des 2009 - 15:59

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert giet yn heger berop tsjin it beslút fan de rjochter om it 'Weekendje Weg' te ferbieden. Koartlyn die bliken dat it spesjale wykein-arranzjemint foar minsken dy't geweld brûke yn striid is mei de wet.

De plysje yn de gemeenten Snits en Ljouwert sette minsken dy't yn it wykein oppakt waarden foar geweld, it hiele wykein fêst en liet se net earder wer los as op moandei. Dat mei net, sei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)