Heger berop tsjin gemeente Harns yn bouskeel plan-Ludinga

28 jan 2016 - 07:40
  • De nije wenwyk Ludinga sa't dy yn de bouplannen stiet

Projektûntwikkeler Wopke Klaver giet yn heger berop nei de útspraak fan de rjochter oer in skeel mei de gemeente Harns. Der is al jierrenlang in konflikt tusken de ûndernimmer en de gemeente oer de nijbouwyk Ludinga.

Neffens de gemeente hie Klaver de tagongsdyk, it grien en de ferljochting ûnderhâlde moatten salang't de wyk noch net offisjeel oerdroegen is oan de gemeente. Dêrom wolle se de kosten weromfoarderje. Neffens Klaver hat hy dy kosten al lang betelle, mar spilet der folle mear.

De gemeente soe fan ôfspraken dy't yn it ferline makke binne, ôf wolle. Hy is bliid mei de útspraak fan de rjochter, mar wol mei it heger berop alles boppe wetter krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)