Heger berop tsjin frijspraak

23 mrt 2011 - 14:46

It Iepenbier Ministearje is yn heger berop gien tsjin de frijspraak fan in Ljouwerter. Hy wurdt fertocht fan poging ta deaslach fan syn fiif wiken âlde soantsje yn 2007.

De man en ek de mem fan de poppe wiene earder frijsprutsen. Der soe te min bewiis wêze. It IM is it hjir net mei iens en easket yn heger berop twa jier sel tsjin de heit, wêrfan ien jier ûnder betingst. De mem wurdt dizze kear neat oanrekkene. De útspraak is 6 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)