Heger berop Sahar útsteld

29 mrt 2011 - 11:15
  • Sahar sit op it gymnasium yn Ljouwert

Op fersyk fan minister Leers hat de Rie fan Steat it heger berop fan 'e minister yn de saak fan it Afgaanske famke Sahar fan Sint Anne útsteld.

Dit betsjut dat de sitting op woansdei 30 maart net trochgiet. Minister Leers hat frege om de behanneling oan te hâlden omdat hy yn ôfwachting is fan in amtsberjocht út Afganistan oer de posysje fan skoalgeande famkes yn dat lân. De minister wol graach de kâns ha om te ûndersykjen oft dat amtsberjocht ek gefolgen hat foar Sahar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)