Heger berop saak-Steggerda

26 feb 2005 - 11:53

It hôf yn Ljouwert behannelt moandei it heger berop yn de saak-Steggerda. Fiif manlju steane terjocht foar it tarieden en útfieren fan in oerfal op in hûs yn Steggerda en in bank yn Aldeberkeap. Dat wie yn desimber 2003.

Twa manlju wurde derfan fertocht dat se it brein binne achter de oerfal, de trije oaren ha him echt útfierd. De rjochtbank hat de fertochten yn juny ferline jier feroardield ta straffen tusken de twa en seis jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)