Heger berop saak bernesmokkel

02 okt 2009 - 11:05

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin de frijspraak fan in Ljouwerter echtpear dat fertocht waard fan bernesmokkel. De rjochtbank bepaalde tiisdei dat der net genôch bewiis is dat it echtpear yn 2006 yllegaal in famke adoptearre hat út de Filipinen.

It Iepenbier Ministearje kin him net fine yn dy frijspraak, omdat der neffens it ministearje griemd is mei formulieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)